Theo Jellema offisjeel Ljouwerter stedsorganist

14 sep 2017 - 11:42

Ljouwert krijt wer in stedsorganist. Theo Jellema, organist fan de Grutte Tsjerke krijt oant 2021 de eare. It inisjatyf foar dizze beneaming is naam troch de histoaryske feriening Aed Levwerd. Ljouwert is net de earste stêd mei in offisjele stedsorganist. Eartiids kaam dit folle faker foar, en ek oare Nederlânske stêden, lykas bygelyks Haarlem, hawwe harren eigen organist. It is de bedoeling dat Jellema troch konserten, stedskuiers en projekten foar de jongerein de leafde foar it oargelspul oerbringt op oare minsken, en dêrmei de keunst yn libben hâldt.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)