Ljouwert: ''Gjin fierdere besunigings op sosjaal domein''

De gemeente Ljouwert wol net fierder besunigje op it sosjaal domein: de jeugdsoarch of bygelyks passend ûnderwiis. Ljouwert moast mei-inoar tritich miljoen euro besunigje. Dat is slagge mei tweintich miljoen, mar dan bliuwt der in grut gat oer. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is benaud dat noch fierder besunigje te yngripend is. Dat soe de bewenners te hurd reitsje. It kolleezje wol de tekoarten foarearst oplosse troch jild út de reserves te heljen.
Ek spilet mei dat der yn novimber ferkiezingen binne. De nije ried moat him dan bûge oer hoe't se omgean wolle mei tekoarten op de jeugdsoarch en alle oare gemeentlike sosjale taken.