Feddema net op de kandidatelist foar de ferkiezingen

14 sep 2017 - 10:22

Wyb Feddema stiet net op de kandidatelist fan Gemeentebelangen Leeuwarden. Feddema hat 24 jier yn de gemeenteried sitten, mar is net opnij kandidaat steld. Gemeentebelangen hat op it stuit fjouwer sitten yn de gemeenteried fan Ljouwert. Listlûker is Gijs Jacobse. De earste frou op de list stiet op it fjirde plak, Mariet Wit fan Goutum.

Feddema waard in pear wiken lyn frijsprutsen foar de brân op De Kelders yn Ljouwert. Tidens de rjochtsaak lei Feddema syn wurk as riedslid tydlik del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)