Undersyk nei mooglikheden fan it rivierke De Lauwers

14 sep 2017 - 09:35

Achtkarspelen sil de buorgemeenten Grootegast en Zuidhorn freegje foar in ûndersyk nei de rekreative en kultuerhistoaryske mooglikheden fan it grinsrivierke De Lauwers. As der konkrete ideeën binne, kin der sjoen wurde nei sudsydzjeboarnen, seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It is de bedoeling om de histoaryske en kulturele betsjutting fan De Lauwers ûnder de oandacht te bringen by Ljouwert Kulturele Haadstêd. Hjirfoar wurdt ûnder oare in ynformaasjeboerd makke, yn it Frysk en it Nederlânsk.

Mei de eardere plannen foar in fytspaad njonken De Lauwers wurdt earst neat dien. Dat is te djoer, seit it kolleezje. Sa'n fytspaad soe goed 1,2 miljoen euro kostje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)