Kollum: ''113''

14 sep 2017 - 08:26

''As sjoernalist wrakselje ik altyd mei it persoanlike yn myn ferhalen. Oan de iene kant fyn ik dat feiten foar harsels sprekke moatte, en dat de ferhalen dy’t ik meitsje sa objektyf mooglik wêze moatte. Oan de oare kant wit ik dat totale objektiviteit net bestiet, en dat ferhalen mei in persoanlik tintsje faak folle mear ympekt hawwe. En dat wol ik dochs ek: dat de ferhalen in ferskil meitsje. Wat oars. Fan ‘e wike waard ik rekke troch in persoanlik ferhaal. Nammentlik it ferhaal fan Kris van der Veen. Hy fertelde yn in filmke fan de Omrop oer himsels, oer hoe’t er suïsidale gedachten hie as jongfeint en oer hoe’t dat úteinlik goed kommen is.

Suïside is net wat dêr’t wy graach oer prate. As sjoernalisten al hielendal net, want it is ûnferstannich om details oer soks nei bûten te bringen. It set oan ta kopiëargedrach. Dus binne media weromhâldend om oer selsmoard te berjochten. Mar feit is dat selsmoard in grut probleem is. Omdat it in protte fertriet by neibesteanden feroarsaket, mar ek omdat is sa faak bart. Yn Nederlân mear as 1.800 kear yn it jier, tsjintwurdich. En dat getal giet omheech.

It is deaoarsaak nûmer ien by tweintigers en tritigers. In grut probleem is it by jonge homo’s, lesbiennen, biseksuelen en transgenders. Die dogge fiif kear sa faak in poging ta selsmoard as harren hetero leeftiidsgenoaten. Sa blykt út ûndersyk fan it Sosjaal en Kultureel Planburo fan in oardel jier lyn. Faak kinne se gjin kant út mei harren gefoelens en hawwe se problemen op skoalle, lykas dat se pest wurde.

Kris heart ek by dizze groep. Hy groeide op op it Fryske plattelân. En dat kin wreed wêze. We tinke gau dat minsken dy’t oan selsmoard tinke yn ‘e war binne. Mar ik leau net dat dit sa is. Net sy binne yn ‘e war; se binne yn in omjouwing dy’t it net hielendal begrypt. De ynfloed fan de omjouwing op benammen jonge libbens moat net ûnderskat wurde.Wat Kris hjir docht freget in protte lef en wiisheid; sa’n persoanlik ferhaal fertelle op de telefyzje. Hy seach gjin útkomst mear, mar keas derfoar om help te sykjen.

Kris wurket no ien dei yn ‘e wike by it Zelfmoordpreventieteam. Ik haw djip respekt foar Kris. It binne minsken as hy dy’t libbens rêde. Dy’t jongeren fertelle hoe’t dingen wol feroarje kinne. Dat it net nedich is om it uterste middel te kiezen, wêrmei’t je net allinnich jesels tekoart dogge, mar ek oaren freeslik fertriet besoargje.

It wurk fan misken lykas Kris is tige wichtich, en helpt. Ik fyn it hiel stoer dat hy syn ferhaal docht. Wannear’t je tinke dat je net yn de omjouwing passe, of sjogge dat immen dat fan him of harsels tinkt, dan is der in webside en in telefoannûmer fan 113. Soksoarte fan persoanlike ferhalen kinne der wat my oanbelanget net genôch fan wêze yn ‘e media.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)