Militêren oefenje rampsenario op de Ofslútdyk

14 sep 2017 - 07:22

De kâns is lyts dat wy hjir troffen wurde troch in orkaan as op Sint Maarten, mar der binne wol allegear oare rampsenario's te betinken dy't hjir plak fine kinne. En wat bart der dan kwa helpferliening? Dan wurdt it 400 Genêskundich Bataljon ynskeakele. De hiele wike al oefenje militêre ferpleechkundigen fan dit bataljon grutte rampsenario's. Woansdeitenacht noch wie der in oefening op de Ofslútdyk, by it Kazemattenmuseum. Foar de militêren wie dit plak oant it lêste momint noch in ferrassing.

Eksploazje

''We zijn aan het begin van de avond naar de Afsluitdijk vertrokken'', fertelt sersjant Robert. ''Daar werd een calamiteit in scène gezet. In dit geval had er een explosie plaatsgevonden en waren diverse mensen gewondgeraakt. Als militaire verpleegkundigen hebben wij deze personen zodoende behandeld.''

Neffens de sersjant is de training tige wichtich foar de militêren. ''Je moet de procedures kunnen trainen, want dat kan natuurlijk niet bij een echte calamiteit.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)