Skylger brânwacht útriden: pantsje op it fjoer

14 sep 2017 - 06:13

Alerte buorlju fan in wenning oan de Seefeartskoallestrjitte op Skylge hawwe tongersdeitemoarn betiid in brân foarkaam. De buorfrou waard wekker fan in brânlucht en stjoerde har man op ûndersyk út. Dy kaam derefter dat der reek stie yn it hûs fan de buorman. Omdat it net slagge him wekker te krijen, warskôge de buorman de brânwacht.

Dy hat de doar fan de wenning iepenbrutsen en de man en syn hûn nei bûten brocht. It die bliken dat der noch in pantsje op it fjoer stie. De bewenner en de hûn hienen neat.

Trefwurden: 
Skylge brânwacht brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)