PvdA: Provinsje moat mear húsdokters nei Fryslân helje

De provinsje Fryslân moat der alles oan dwaan om mear húsdokters nei Fryslân ta te heljen. Dat is neffens steatelid Hetty Janssen fan de PvdA in betingst om de soarch yn Fryslân op peil te bringen. Provinsjale Steaten praten woansdeitejûn yn in kommisjegearkomste oer de sprieding en berikberens fan de soarch yn Fryslân. Om minsken langer thús wenje litte te kinnen, moat der in goeie sprieding fan húsdokters, sikehuzen en fersoargingshuzen wêze.

De provinsje kin dêr wol deeglik in rol yn spylje, ek al is it yn earste ynstânsje de ferantwurdlikheid fan Ryk, gemeenten, soarchfersekerders en soarchorganisaasjes. PvdA-er Janssen is net bliid mei it foarstel fan Deputearre Steaten. Se mist yn it útstel in ûndersyk nei hoe't de Friezen sels de soarch yn Fryslân ûnderfine.