CDA wol iepenbier ferfier sûnder útlitgas yn 2025

13 sep 2017 - 23:25

It iepenbier ferfier yn Fryslân moat al yn 2025 sûnder skealike útlitgassen ride. Dat seit steatelid Teus Dorrepaal fan it CDA. Dorrepaal stelt dat de provinsje no net ambisjeus genôch is. De provinsje wol tusken 2020 en 2030 de CO2-útstjit fan treinen en bussen ferminderje, om nei 2030 skjin te riden. Dorrepaal wol dat dit flugger giet. Op dit stuit rydt it iepenbier ferfier foar in grut part op disel of op grien gas. 

Ferskate mooglikheden om sûnder útstjit te riden, binne ûndersocht. Bussen soene elektrysk ride kinne of mei in hybridemotor. Foar treinen soe dat wetterstof wêze kinne, mar ek elektrifikaasje mei enerzjy-opslach of akkutreinen mei opladen. Wat de beste mooglikheid is, moat de kommende jierren útsocht wurde. CDA'er Dorrepaal hat al mei Arriva praat. De ferfierder stelt dat it doel om yn 2025 al sûnder útlitgassen ride te kinnen, te heljen is, ornearret Dorrepaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)