Toerspits fan tsjerke Aldlemmer brekt ôf troch stoarm

13 sep 2017 - 21:19

De toerspits fan de tsjerke fan Aldlemmer (Oldelamer) yn Weststellingwerf is woansdei yn de septimberstoarm ôfbrutsen. De spits sit noch oan twa triedden fêst, wêrtroch't er noch krekt net nei ûnderen falt. 

Foar de tsjerke fan Aldlemmer is it sneu, want de tsjerke wie krekt opknapt en soe kommende snein wer iepen gean. Oft dy iepening no noch wol trochgiet is noch net bekend. It is it doel om te besykjen om de spits wer sa gau mooglik stevich fêst te meitsjen boppe op de toer. 
 

Trefwurden: 
toerspits stoarmskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)