FIDEO: Kreative sponsoraksjes sportklups De Knipe

Dizze wike is troch Sport Fryslân útroppen ta de wike fan de sportferiening. Ien fan de saken dêr't Sport Fryslân by helpe is sponsoring. Mar der binne ek ferienings dy't harren eigen sponsoraksjes opsette, lykas fuotbalferiening Read Swart en kuorbalferiening Kinea. Sy hawwe dizze simmer beide in nij skoareboerd krigen, mei tank oan in sponsor. De twa ferienings út De Knipe krigen beide in Facebook-side dêr't se 750 likes op helje moasten. As dat slagge, krigen se in nij skoareboerd. Op dizze wize wie it ek noch in moaie striid, dy't Kinea úteinlik wûn. "Mar it siet hiel ticht by-inoar. We hawwe no beide in skoareboerd en dêr binne we hiel bliid mei", neffens Sietze Koopmans fan de kuorbalklup.

Beide klups erkenne dat se de ferskate sponsors hurd nedich hawwe. "Dêrmei kinst dochs mear dwaan as mei allinnich kontribúsje. Do krijst der mear mooglikheden troch", seit René Visser fan Read Swart. De skoarebuorden binne al yn gebrûk nommen, mar wurde meikoarten offisjeel yn gebrûk nommen.