Hynders oerenlang yn it wetter by Blije

13 sep 2017 - 17:29

Fjouwer hynders stiene woansdei by de earste grutte hjerststoarm oerenlang yn it wetter fan de Waadsee. Dat barde by it stikje Fryslân bûtendyks by Blije. De kombinaasje fan de stoarm en heechwetter soarge der foar dat ferskate greiden fan it Noarderleech ûnder wetter kamen te stean. 

In omstanner seach dat de hynders yn it wetter stean en skille de plysje. Hoe lang't de hynders krekt yn it wetter stien hawwe is net bekend. Oan 'e ein fan de middei begûn it wetter wer te sakjen en kamen de hynders wer drûch te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)