Trochgean Lindefestival Wolvegea grut fraachteken nei brân

13 sep 2017 - 17:17

It is noch ûndúdlik oft it Lindefestival yn Wolvegea oer oardel wike gewoan trochgean kin. Dat festival wurdt ûnder oare hâlden op it Centrumplein, dêr't it âlde gemeentehûs stiet. Dat âlde gemeentehûs is tiisdeitejun ôfbrând. In ûndersyk moat no dúdlik meitsje oft it plein nettsjinsteande de brân dochs brûkt wurde kin. Der hat al kontakt west tusken de gemeente en de feriening fan winkellju fan Wolvegea. 

De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Sa gau as mooglik is, begjint de plysje mei in ûndersyk. Op dit stuit is it net mooglik om nei binnen te gean, omdat der ynstoartingsgefaar is. It Centrumplein is dêrom ek foar in grut part ôfsletten. It loskommen pún kin fuortwaaie en foarmet in gefaar foar foarbygongers. 

It âlde gemeentehûs, ek wol bekend as it Gritenijhûs, waard boud yn 1835 en is in ryksmonumint. Oant 1980 waard it brûkt as gemeentehûs. Doe hat de gemeente it gebou ferkocht oan in partikuliere eigener. Wolvegea hat net folle monuminten. De gemeente wol ûndersykje oft it byldbepalende gebou dochs foar Wolvegea behâlden bliuwe kin. 

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)