Winner Gysbert Japicxpriis wurdt dochs earder bekendmakke

De winner fan de Gysbert Japicxpriis wurdt dochs foar de priisútrikking bekendmakke. Dat hat de provinsje besletten, nei krityk fan de fiif nominearren. De provinsje woe tenei in oare opset folgje by it útrikken fan de priis. Dêrby soe de winner pas op de dei sels bekendmakke wurde, mar de nominearren fielden dêr neat foar. Sy wiene fan miening dat har famylje en freonen net komme soene, as sy net wis wiene dat de persoan dêr't se foar kamen ek echt winne soe.

De provinsje sil no dit jier neat feroarje. Ein dizze moanne wurdt de winner al bekend. Takom jier wol de provinsje opnij nei de priisútrikking sjen. Mei in nije opset wol de provinsje mear omtinken freegje foar de priis sels, de winner en de nominearren. De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier útrikt yn de kategory poëzij. De fiif nominearren binne dit jier Wilco Berga mei 'Allinne en yn koar', Eppie Dam mei 'Fallend ljocht', Elske Kampen mei 'Man en mem', Albertina Soepboer mei 'Herbarium' en Abe de Vries mei 'Brek dyn klank'.

Abe de Vries hat lykwols earder oanjûn dat hy de priis net hawwe wol. Hy wie it ûnder oaren net iens mei de wize fan útrikken fan de priis. Fierder joech hy oan dat de priis nei Eppie Dam gean moatte soe. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De winner ûntfangt in bedrach fan € 10.000.