Fryske brânwachtfroulju meitsje kalinder

13 sep 2017 - 16:57

Der is no in kalinder te keap mei foto's fan santjin Fryske brânwachtfroulju, wêrfan't de opbringst nei de brânwûnestichting giet. It begûn eins as in grapke nei oanlieding fan in fotoshoot, sa seit Pia Porsius fan brânwacht Harns, ien fan de inisjatyfnimmers. "En toen werd het idee steeds groter en kwamen er steeds meer vrouwen bij. We bedachten dat we zo wel een kalender konden maken en die konden verkopen voor een goed doel. Dat is dus de brandwondenstichting geworden."

Der wurkje folle mear manlju as froulju by de brânwacht. De froulju wolle hjirmei sjen litte dat se net ûnderdogge foar de manlju en itselde wurk fersette. De foto's binne net pikant: de froulju steane der stoer mar tagelyk ek froulik op. Minsken kinne de kalinder bestelle op de Facebookside fan de froulju. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)