Soad beammen om by swiere hjerststoarm

13 sep 2017 - 16:21

De earste swiere hjerststoarm dy't woansdeitemoarn en woansdeitemiddei oer Fryslân raasde, hat fral in soad skea oan beammen feroarsake. Op ferskate plakken bedarren beammen op auto's en huzen. Sa rekken ferskate auto's op in carpoolplak oan de Eksmoarrewei yn Boalsert skansearre doe't beammen omwaaiden. Yn Sint-Anne giene yn de Albertine Agnesstrjitte fjirtjin beammen tagelyk om. Yn Ljouwert wie in team fan mear as hûndert meiwurkers fan de gemeente en de brânwacht dwaande om beammen en tûken op te romjen. Oan de Iewâl yn de binnenstêd soarge in beam foar skea oan hotel Het Anker.

Ek ferskate oare gebouwen rekken troch de stoarm skansearre. Bygelyks oan de Ljouwerterwei yn Snits waaide it dak fan de klaaikeamers fan fuotbalklup LSC ôf. Yn Makkum waaide it dak fan in pleats. It dak bedarre fierderop yn de tún. 

De swierste wynstjitten waarden metten op de Waadeilannen, oant wynkrêft 12. Hast alle fearboaten nei Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach waarden út de feart nommen. Nei trije oere waard de tsjinstregeling wer oppakt. Direkteur Ger van Langen fan Wagenborg seit dat it benammen dreech wie om de fearboat oan te lizzen. De fargeulproblemen fan de boat nei It Amelân spylje ek by de hurde wyn. Der is dan te min romte yn de geul. Boaten kinne inoar dan net passearje.
 
Op kemping Stortemelk op Flylân wie in team fan tsien man dwaande om de tinten te bewaken. Nettsjinsteande dy ynspanning, binne tsientallen tinten fernield rekke. 

Trefwurden: 
stoarm beammen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)