Fryslân yn in fleanende stoarm

13 sep 2017 - 12:51

De earste hjerststoarm fan dit jier is offisjeel in 'swiere stoarm'. Dat meldt WeerOnline. En dy swiere stoarm mei wynpûsten oant krêft 10 op Flylân, smyt provinsjebreed allerhande problemen op. Op it eilân binne tsientallen tinten fernield. Oan de Wide Ie by Burgum is in wenark yn de problemen kaam troch de hurde wyn. De ark is oan it sinken. De brânwacht en plysje binne oanwêzich. Der is gjinien mear op de ark oanwêzich. De brêgen en slûzen yn de provinsje wurde op it stuit net betsjinne. By Holwert ferlear in touringcar in achterdoar. Dat barde by it lossen fan de koffers. Meardere minsken wiene nedich om it gefaarte wer op te sykjen en te plak te krijen.

De stoarm is de swierste hjerststoarm sûnt 2013. Op 28 oktober fan dat jier helle de wyn op Flylân sels krêft 11. Om't de beammen noch folop yn it blêd sitte hat de brânwacht it rûnom yn de provinsje drok mei loshingjende tûken of sels folslein omwaaide beammen.

Trefwurden: 
hjerststoarm stoarm Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)