Houtbouw Tijsma mei kettingseage langer brûke

Houtbouw Tijsma yn Noardburgum © Google Streetview
It Noardburgumer hout- en transportbedriuw Houtbouw Tijsma mei tsien minuten langer mei de kettingseage wurkje, sa hat de Ried fan Steat woansdei yn in definitive útspraak bepaald. De gemeente Tytsjerksteradiel hie it bedriuw oplein dat se alle dagen net langer as trije minuten mei de kettingseage wurkje mochten. Neffens Tijsma is dat ûnwurkber. Yn trije minuten soene je noch krekt in takje trochseagje kinne, mar gjin dikke balken of tûken.
De Ried fan Steat fynt in strange tiidsbeperking ek hielendal net nedich. Sels as Tijsma 12 minuten bûten op it achterterrein seaget, foldocht it bedriuw noch oan de lanlike lûdsnoarmen, sa seit de steatsried. Koartsein, Tijsma mei langer op it achterterrein seagje. Dêrnjonken hat de ried it berop fan de buorlju, de famylje Vlaskamp, ôfkard. De famylje is yntusken ferhuze en hat gjin belang mear by in útspraak oer harren klachten oer it leven by Tijsma.