Omrop TIP: Iepenloftspul Arum set útein

Nei trije jier fiert Teater Selskip Arum wer in iepenloftspul op, diskear yn it Baarderbuorrenbosk. Hjoed is de premjêre fan it Arumer iepenloftspul 'Omke Henk'. It stik is in misdied-komeedzje, wêryn’t yn in ‘leugentje om bestwil’ bysûndere gefolgen hat....
De sympatike Tom is in jongfeint sûnder plan, mar wol mei in flotte babbel. It libben oerkomt him. Hy hat gjin idee wat hij wol en hat dêrom mar keazen foar in rjochtenstúdzje. As Tom op in jûn yn in tsjustere tunnel oanfallen wurdt troch in binde strjitjonges, ropt hy út selsferdigening dat topkrimineel Henk de Koning syn omke is. Op dat stuit in slimme set, want de binde lit him gean. Mar as Henk de Koning, himsels de folgjende dei op ’e stoepe stiet, kriget Tom spyt fan syn útspraak. Sjoch foar mear ynformaasje op de Omrop Fryslân iepenloftspulside fan Arum - Omke Henk.
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.