Stoarm: Warskôging foar ferkear en kearslûzen gean ticht

Rykswettersteat warskôget minsken dy't woansdei de dyk op moatte om rekken te hâlden mei it stoarmwaar dat ferwachte wurdt. Foaral yn de moarnsspits en yn de middei wurde swiere wynstjitten ferwachte. Minsken kinne better net mei lege frachtweinen, oanhingers of caravans de dyk op gean, seit Rykswettersteat. It KNMI hat koade oranje ôfjûn.
By in stoarm yn febrewaris soargen lege frachtweinen dy't omwaaid wiene foar in soad oerlêst.
Fanwege it stoarmwaar dat op komst is, hat de provinsje in tal kearslûzen tichtdien. It giet om dy yn Goaiïngaryp, dy yn De Broek yn de Noardbroekster Feart, om de Jouster slûs en de kearslûs Lange Sleat. Se bliuwe ticht oant en mei tongersdeitemoarn in oere as healwei tsienen.