80.000 protesthantekeningen tsjin leechfleanrûten Lelystêd

De Fryske wurkgroep Laagvliegroutes Nee hat tiisdei mei aksjegroepen út oare provinsjes yn it gebou fan de Twadde Keamer 80.000 hantekeningen oanbean tsjin de plande fleanrûten foar fleanfjild Lelystêd. Fan 2019 ôf moat Lelystêd Airport de fakânsjeflechten fan Skiphol oernimme. De plannen binne al langer bekend. Mar pas yn juny fan dit jier die bliken dat de fleantugen leech oerfleane sille. Dat sil dan op de oanfleanrûten foar problemen en oerlêst soargje yn natuergebieten en ek foar de bewenners. Pas nei de weryndieling fan it loftrom yn 2023 is dêr mooglik romte foar hegere fleanrûten.
De Twadde Keamerkommisje foar Ynfrakstruktuer praat takom wike oer de kwestje mei steatssekretaris Sharon Dijksma. De polityk hat ek noch in soad fragen. Sa freegje ûnder mear VVD en CDA harren ôf oft wol alle farianten foar de fleanrûten besjoen binne. Ek wolle de partijen witte oft de weryndieling fan it lanlike loftrom net earder kin as 2023.