FIDEO: Sylferiening besteget betellingen jeugdtrainers út

Sylferiening KWS draait op frijwilligers, mar wol dochs de eigen jeugdtrainers finansjeel stypje. De measten fan harren studearje ek noch. Oant se klear binne mei de stúdzje, krije se in fergoeding foar it trainen fan de jongste silers. KWS docht de betellingen net sels. Dat hawwe se útbestege oan Sport Fryslân. De feriening docht dat om't se gjin wurkjouwer wêze wol. Dan krije se te meitsjen mei risiko's dêr't se har foar fersekerje moatte.