Plan fan oanpak tsjin tekoart oan húsdokters yn Fryslân

Om wat te dwaan oan it groeiende tekoart oan húsdokters yn Fryslân, wurkje ferskate soarchferlieners, soarchfersekerder De Friesland en de provinsje oan in plan fan oanpak. Se stribje dernei ein dit jier mei it plan fan oanpak te kommen. Der driget in serieus tekoart oan húsdokters yn de provinsje, ûnder oare troch de fergrizing. Lanlik sjoen binne der genôch jonge húsdokters, mar dy litte Fryslân links lizze.
It tekoart oan húsdokters is no noch te hantearjen. As der neat bart, ûntstean der lykwols problemen, seit in wurdfierder fan De Friesland. Neist de soarchfersekerder sitte ûnder oare ek de provinsje, de Feriening fan Fryske Húsdokters, de Dokterswacht en ROS Friesland mei elkoar om tafel op syk nei in oplossing foar it tekoart. Seker yn Ljouwert begjint it te knipen, seit Meindert Dijkstra. Hy is húsdokter yn Ljouwert en foarsitter fan de Fryske Húsdokters Feriening Noard, dêr't Ljouwert ûnder falt.