Offearten sneltsjinst Flylân skrast fanwege minne waar

12 sep 2017 - 11:57

Ferskate ôffearten fan de sneltsjinst fan en nei Flylân foar woansdei binne skrast fanwege it ferwachte minne waar. Tusken tsien en twa oere wurdt in swiere westerstoarm ferwachte. It giet moarns om de snelboat fan healwei njoggenen fan Harns nei Flylân, fan healwei tsienen fan Skylge nei Flylân en fan fiif oer tsienen fan Flylân nei Skylge. Jûns ferfalt de sneltsjinst fan tweintich oer fiven fan Harns nei Flylân, dy fan tweintich oer seizen fan Skylge nei Flylân en dy fan fiif foar sânen fan Flylân nei Skylge. 

De ôffearten tusken Harns en Skylge gean gewoan troch, mar guon binne ferskood. Dy fan kertier foar alven fan Skylge nei Harns giet om healwei tsienen en dy fan healwei ienen fan Harns nei Skylge is útsteld nei twa oere.

Ek in pear gewoane feartsjinsten ferfalle: Flylân-Harns om 12.00 oere, Harns-Flylân om 14.20 oere, Harns-Skylge om 09.45 oere en Skylge-Harns om 12.30 oere. De oare ôffearten gean wol troch. Doeksen ferwiist foar mear ynformaasje nei syn webside

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)