UPDATE: Fjildkeuring ONS Snits giet dochs troch

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De fjildkeuring by ONS Snits giet tiisdeitemiddei dochs noch troch. Dat hawwe de gemeente Súdwest-Fryslân en de klup yn in petear besletten. Earder waard noch besletten om de keuring út te stellen troch it minne waar.
It wiete waar hie der foar soarge dat de rubber kerrels op it fjild net goed genôch tusken it keunstgers sakke binne. Tiisdeitemiddei is der in petear tusken de gemeente en ONS Snits oer hoe't it no fierder moat. Foar ONS is it wichtich dat it fjild goedkard wurdt, mei it each op de bekerwedstriid fan nije wike woansdei. De Snitsers spylje dan yn de KNVB-beker thús tsjin FC Twente. As de keunstgersmatte op 'e nij ôfkard wurdt, moat dy wedstriid spile wurde op in oar fjild sûnder tribune en sponsorbuorden.