Kollum: "Renderporno"

"Renderporno, wol ris fan heard? Nee, gjin rendierporno, dat is wer wat oars. Sil der ek grif wêze, want wy libje yn in nuvere wrâld. Renderje is it generearjen fan in digitale ôfbylding op basis fan rûge data of in model. 3-D computergraphics. In plaatsje, makke troch de computer, mei oare wurden.
Arsjitekten brûke dat in protte. En dêr komt it tafoegsel ‘porno’ ek wei. Want de ôfbyldings dy’t sy meitsje sjogge der altyd fantastysk út. Sokke ‘artist impressions’ ha steefêst in tûk perspektyf, blauwe loften boppe it te ûntwerpen gebou, grutte glêsgevels dy’t net wjerspegelje, gjin auto of fyts te sjen. Alles dat it minder moai makket, litst fuort.
Ik moast dêr oan tinke doe’t ik in render fan it timpeltsje fan Winaam seach. Dat timpeltsje, fan sa’n trije meter heech, wurdt in útkykpunt foar it terpelânskip dêr. In prachtich inisjatyf dat ik allinne mar tajubelje kin, en ien dat oanslút op dat wat ik yn in eardere kollum sein ha, nammentlik, dat Fryslân folle mear oan de fiere skiednis dwaan moat. Meitsje it sichtber, blinder!
Hawar, de render fan de timpel. In moai plaatsje, mei in moaie midwintersinne. Of midsimmer, dat koe ik sa net gewaar wurde. Bytsje porno, mar wol lekker. Toch soarge de foarmjouwing en it ferhaal fan de arsjitekt derfoar dat myn opwining saksearre, dat it wat in sloppe boel waard, sis mar. Want it útkykpunt krijt it oansjen fan in Inca-timpel. De arsjitekt hie har ynspirearje litten troch in reis nei Peru. Troch de timpels dêr, it oanbidden fan de sinne dat de Inca’s diene, en it gegeven dat se in stien meinamen nei dy timpel. De oereinkomst tusken Inca’s en Friezen is harren heidenske foarskiednis, sei se. Fierders hie se har ynspirearje litten troch de fibula fan Winaam, de kleuren dêrfan komme werom yn it bouwurk.
Dat is moai. Mar de foarmjouwing fyn ik in miste kâns. It is in wêzensfrjemd elemint dat gjin inkelde relaasje mei it lânskip en de skiednis hat, oars as in sochte, keunstmjittige en algemienenien. Wêrom net kieze foar in rûne foarm, analooch oan dy fan terpen en grêfheuvels? Ik tink dêrby oan de Borum Eshøj, in grêfheuvel dêr’t wy in prachtige rekonstruksje fan sjoen ha yn Aarhus, Denemarken. Dy wiene hjir yn Fryslân ek by de rûs, krekt as noch folle mear terpen. Sa’n foarm, as de knop fan in skyld, hie him prachtich yn it lânskip foege en dêr ekstra de klam op lein. In gehiel mei foarme, nei oansjen en achtergrûn.
No komt der in timpeltsje, oarspronklik wijd oan de sinnegod Inti. Dêr’t stiennen foar op berchtoppen pleatst waarden, om derfoar te soargjen dat Inti mar skinen bliuwe soe. In leauwe mei presters, tsjinstfeinten en in hegeprester, de Villac Uma. Al hoe moai en ynteressant ek: der is foar my gjin inkelde motivaasje foar in mini Machu Picchu yn it Fryske terpelânskip. Ik ha it lykwols net oer de kwaliteit fan it ûntwerp: dy is prima. Ik sil der dan ek grif ris hinne, om derop te klimmen en it lânskip oer te eagjen. Mei in fielen fan spitigens, dat wol. Gjin porno. Sels gjin soft seks."