Keunstgersfjild ONS Snits wurdt wer keurd

It is tiisdei de dei fan de wierheid foar fuotbalklup ONS út Snits. Om njoggen oere komt der in ûnôfhinklike karmaster om te sjen oft it haadfjild wol oan de easken foldocht. It fjild, fan keunstgers, is dit seizoen al twa kear ôfkard. It tsien jier âlde fjild is fersliten. De klup hat der fan alles oan dien om de matte wer foarelkoar te krijen. En dat is nedich ek. Op 20 septimber stiet der in bekerwedstriid op it programma tsjin FC Twente. En dy moat op it haadfjild spile wurde, seit foarsitter Klaas Uil fan ONS.