Friezinne yn New York: "Noch altyd pikefel fan bylden 9/11"

Foar in hiel soad Amerikanen is 11 septimber, oftewol 9/11, in memorabele dei. Alle jierren wurdt de oanslach op de Twin Towers betocht, dus ek dizze dei wer. Alle nammen fan de hast 3.000 minsken dy't omkaam binne, wurde foarlêzen. "Dat is heftich" fertelt Anneke Kuindersma, in Friezinne dy't yn New York wennet. Op it momint fan de oanslach wenne se yn Amsterdam.
Pikefel
"Ik krij noch altyd pikefel as ik dy bylden fan de twa fleantugen sjoch dy't har yn de tuorren boarje. Krekt as elkenien siet ik de hiele tiid foar de telefyzje doe, ik koe it net leauwe, it wie hiel ûnwerklik." As famylje en freonen by har op besite komme, geane se faak nei Ground Zero, it betinkingsplak. "Dan krijst wer in brok yn de kiel, dat rekket wol." Se hat dit jier minder fernommen fan de betinking om't al it nijs de lêste dagen benammen oer orkaan Irma giet. "Ik hie sokssawat as oja, nine eleven is der ek noch. It libben giet fierder."