Learlingen Linde College feilich nei skoalle troch fly-over

11 sep 2017 - 11:50

Learlingen fan it Linde College yn Wolvegea kinne tenei feilich nei skoalle nei't de gemeente in fly-over oanlein hat. De fly-over is oer de ûndertrochgong Om den Noort. Yn de âlde sitewaasje moasten fytsers twa kear in gefaarlike oerstek meitsje oer de drokke Heerenveenseweg en oer de Om den Noort. Fia de fly-over is dat net mear nedich. Om bern op de nije rûte te wizen binne buorden pleatst en binne alle learlingen persoanlik ynformearre. It fytspaad oan de westkant fan de Heerenveenseweg is fuorthelle om't it oerstallich wurden is troch de fly-over.

"Met de fly-over hebben we de verkeersveiligheid voor het fietsverkeer verbeterd. Wij hebben en houden continue oog en oor voor mogelijke verbeteringen op het gebied van verkeersveiligheid en dit is zo’n verbetering. Zeker ook voor de leerlingen van het Linde College zijn we verheugd dat dit voor aanvang van het nieuwe schooljaar kon worden gerealiseerd” seit wethâlder Jack Jongebloed.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)