Plysje hellet Snitser frou mei skansearre auto fan de dyk

© De Vries Media
In 45-jierrige frou út Snits is sneintejûn op de A7 by it Grinslanner Mearum fan de dyk helle. De auto dêr't se yn ried, wie swier skansearre. Yn Assen wie de frou tsjin in lantearnpeal knald en dêrnei wie se útnaaid. Tsjûgen joegen it kenteken fan de auto troch oan de plysje en dy gie achter de frou oan.
Goed 40 kilometer fierderop koe se oan de kant set wurde. Doe't se blaze moast, die bliken dat de Snitser tefolle dronken hie. Har beskeadige auto is ôfsleept troch in berger. De frou is oanholden, se moast har rydbewiis ynleverje.