Yn Easthim, by Drylts, is sneintemiddei in bern ferwûne rekke op in boerepleats. In doar fan in stâl foel nei ûnderen, boppe-op it bern. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. It slachtofferke is nei it sikehûs brocht.