Schulting wint 1000 meter by Invitation Cup

10 sep 2017 - 18:30

Shorttrackster Suzanne Schulting hat snein de 1000 meter wûn by de Invitation Cup. Dat is de earste ynternasjonale wedstriid fan it seizoen. De Italiaanse Lucia Peretti waard twadde, Arianne Fontana tredde. 

By de manlju gie Sjinkie Knegt yn de heale finale fan de 1000 meter ûnderút. Juster wûn hy wol de 1500 meter. De Amearikaan John Henry Krueger pakte snein de winst op de 500 en de 1000 meter. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)