Soad belangstelling by Woudagemaal

10 sep 2017 - 15:27

It ûnder stoom setten fan it Woudagemaal op De Lemmer lûkt in soad belangstelling. Hûnderten minsken komme nei it gemaal om it yn aksje te sjen. Der wurde op it stuit ferkearsregelers ynset.

It gemaal wurdt ûnder stoom brocht om't der yn de ôfrûne wike in soad wetter fallen is yn Fryslân; op guon plakken wol 90 milimeter. De boaiem kin dêrtroch net folle wetter mear opnimme. De poldergemalen draaie al op folle toeren om it wetter ôf te fieren. It stoomgemaal sil yn alle gefallen 'folkontinu' draaie oant en mei tiisdeitemiddei. 

It Woudagemaal is it grutste stoomgemaal dat ea makke is op de wrâld. It gemaal is hast 100 jier âld en stiet sûnt 1998 op de UNESCO Wrâlderfguodlist. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)