Wetterskip Fryslân skeakelet it Woudagemaal yn

Wetterskip Fryslân sil sneintemiddei it histoaryske Woudagemaal op De Lemmer ynskeakelje om it oerstallige wetter ôf te fieren fan de Fryske marren en kanalen. It wetterskip wol de wetterstân tydlik ferleegje om alle delslach dy't der oankomt opheine te kinnen. It ynskeakeljen fan it stoomgemaal is sadwaande in previntive aksje. Dy is nedich, omdat der in soad delslach ferwachte wurdt en it net goed mooglik is om it wetter nei ôf te fieren nei Iselmar en Lauwersmar.

Der is de ôfrûne wike in soad wetter fallen yn Fryslân; op guon plakken wol 90 millimeter. De boaiem kin dêtroch net folle wetter mear opnimme. De poldergemalen draaie al op folle toeren om it wetter ôf te fieren. It stoomgemaal sil yn alle gefallen 'folkontinu' draaie oant en mei tiisdeitemiddei.

It tariedend wurk yn it histoarysk stoomgemaal is sneintemoarn betiid al begûn. De stoomtsjettels wurde opstookt om druk op te bouwen om it gemaal wurkje te litten. Sneintemiddei tusken 14.00 en 15.30 oere moat it safier wêze. Der komt dan earst in grutte stoomwolk om it gemaal te hingjen, ear't it gemaal begjint te draaien. Belangstellenden binne sneintemiddei wolkom fanôf 13.00 oere middeis.