Alden learlingeferfier teloarsteld yn gemeente DFM

10 sep 2017 - 09:49

It Ouderplatform Leerlingenvervoer De Fryske Marren is teloarsteld dat de gemeente in brief fan harren net by de agindastikken fan de kommisjegearkomste foege hat. It platfoarm stelt dat de âlders fan bern mei in beheining har no gjin ried mear witte. De gemeente De Fryske Marren makke earder dizze wike ekskuses foar in flater mei medyske gegevens fan bern dy't gebrûk meitsje fan it learlingeferfier. De gemeente spile dy gegevens troch oan ferfierder Witteveen en dat is neffens it platfoarm yn striid mei de wet privacy persoansgegevens.

De âlden binne der min oer te sprekken en akseptearje de flater net. Ek hawwe de sjauffeurs net yn't foar kennismakke mei de bern, wylst dat wol ferplichte is. It platfoarm seit dat it stik fan de gemeente fier fan folslein is en dat harren brief oan de gearkomste taheakke wurde moat. De kommisjegearkomste is moandei op 'e Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)