Kommissaris Brok praat yn Buitenhof oer keunst

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Kening Arno Brok is snein ien fan de haadgasten yn it wyklikse tv-diskusjeprogramma Buitenhof. Brok sil yn it programma yn diskusje mei Gijs Scholten van Aschat, de nije foarsitter fan de Academie van Kunsten. Van Scholten van Aschat is fan betinken dat politisy te min wurdearring hawwe foar it wurk fan keunstners en wol de politisy der ta oansette om wer mear yn keunst te ynvestearjen. Brok wurdt oankundige as in bestjoerder 'dy´t syn spoaren yn de keunst en kultuer' fertsjinne hat.

Arno Brok hat him as wethâlder fan Ljouwert, mar ek as boargemaster fan Snits, bot ynset foar it kulturele klimaat. Der wurdt op rekkene dat Brok ek yngien sil op Ljouwert-Fryslân 2018 as kulturele haadstêd fan Europa.