LDODK mei grutte sifers lâns KZ

09 sep 2017 - 21:22

De kuorballers fan LDODK binne mei in oerwinning op KZ it nije seizoen yn de eareklasse op it fjild goed begûn. Op De Gordyk wie LDODK sneontejûn fierstente sterk foar de tsjinstanner út Koog aan de Zaan. Nei in rêststân fan 11-7 rûn de ploech fan trainer Erik Wolsink út nei 28-17.

SCO wûn yn de haadklasse ek de twadde wedstriid fan it nije seizoen. Op it eigen fjild yn Aldeholtpea waard Avanti mei 24-22 ferslein.

Trefwurden: 
LDODK KZ kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)