Fakbûn FNV yn noed oer baneferlies by Achmea yn Ljouwert

Fakbûn FNV makket him grutte soargen oer ekstra baneferlies by fersekeringskonsern Achmea yn Ljouwert. Freed waard bekend dat de soarchtûke fan fersekerder FBTO oergiet nei Zilveren Kruis. Dizze wie earder ûnderbrocht by fersekerder De Friesland. Fanwege finansjele ôffallers by FBTO Zorg, hat De Friesland FBTO in liening jûn fan 20 miljoen euro om it bedriuw wer finansjeel sûn te krijen. No is der wer mear jild nedich. De Friesland kin dat net mear jaan omdat dan it bedriuw sels ek yn finansjele problemen komt.
Annelies Bontjer fan de FNV is benaud dat de folsleine tak fan FBTO no út Ljouwert ferdwynt nei Swol. It fakbûn easket kompinsaasje foar it driigjende baneferlies. Neffens wurdfierder Rob Propsma fan De Friesland Zorgverzekeraar is it noch net dúdlik wat de personele konsekwinsjes krekt binne. Hy bestriidt dat FBTO Zorg út Ljouwert ferdwynt.