Fryske Frucht ropt op om apels te donearjen

© J. De Jong
Fryske sjefkoks ha freed yn Boarnburgum de earste apels út de beammen helle foar Fryske Frucht. It wie de offisjele ôftraap foar it ynsammeljen fan apels, dat op 16 septimber begjint. Fryske Frucht wol dit jier 10.000 kilo apels sammelje en freget fruitbeam-eigeners yn de Fryske Wâlden om apels en parren dy't se sels net brûke te donearjen. Fryske Frucht makket dêr dan sop fan.
It giet om sjefkoks dy't oansletten binne by Fryske Frucht, lykas ûnder oare Tjaarda yn Oranjewâld, Lauswolt yn Beetstersweach, Het Spijshuys yn Boarnburgum en De Koningshof op It Hearrenfean. De fruchten kinne oant 17 oktober ynlevere wurde.
Stichting Fryske Frucht wol de fruitbeammen dy't by it Fryske lânskip hearre, as erfgoed bewarje. Se wolle 3.000 nije fruitbeammen fan âlde Fryske fruitrassen plantsje.