Eigen senioare-netwurk moat VVD-politisy by de les hâlde

De VVD hat in eigen senioare-netwurk dat der foar soagje moat dat de partij de belangen fan dizze groep net út it each ferliest. Dit netwurk hie freed in kongres yn Ljouwert mei as tema 'Healthy Ageing', sûn âlder wurde.
As sprekkers wie ûnder oare NHL-lektor Ate Dijkstra en Esther de Vrij fan Zorgbelang Fryslân útnûge. Wylst de VVD sels wat huverich wie om apart foar âlderein yn de partij wat te organisearjen, sette âld-steatelid Monique Boskma troch. Dêrom kaam njonken it Frysk senioarenetwurk ek in lanlike fariant.
Njonken de soarch, wie der ek omtinken foar pensjoenen, soarchloketten, arbeidspartisipaasje en de WMO. Kongresgongers koene ek yn de kunde kommen mei it nije keamerlid Sofie Hermans, dy't opgroeide yn Beetstersweach en sjoen wurdt as polityk talint yn de VVD.