Wurkstraf foar stellen fan lokfyts

08 sep 2017 - 18:04

In man út Ljouwert hat in fikse wurkstraf krigen omdat er begjin dit jier by it stasjon fan Grou in fyts stellen hie. It wie in lokfyts dy't de plysje der delset hie omdat dêr geregeld fytsen stellen wurde.

De Ljouwerter krige 40 oeren wurkstraf foar de stellerij, mar der kamen noch 180 oeren by, omdat de man noch twa finzenisstraffen ûnder betingst boppe de holle hingjen hie. De rjochter hopet dat de Ljouwerter sa fernimt dat it stellen fan in simpele fyts him djoer te stean komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)