Slangen en reptilen krije mear romte yn Fochtelerfean

Natuurmonumenten begjint takom wike yn it Fochtelerfean mei in projekt dat slangen en reptilen dêr in grutter leefgebiet jaan moat. By de útsjochtoer komt in stadige oergong fan it heechfean nei de bosk.
Op it drûge, sânige stik oan de râne fan it heechfean wurdt trije bunder bosk fuorthelle. In part fan it gebiet wurdt ôfplagge. Dêrtroch ûntstiet de kommende jierren in natuerlike oergong mei mingd bosk, drûge en fochtige heide nei it heechfean. De slangen en reptilen yn it gebiet krije sa mear romte.