FBTO Zorg ferskoot fan De Friesland nei Zilveren Kruis

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
FBTO Zorg falt fan 1 jannewaris ôf net mear ûnder De Friesland Zorgverzekeraar, mar ûnder Zilveren Kruis. Fanwege finansjele tsjinfallers by FBTO Zorg, moast De Friesland ferline jier 20 miljoen euro liene om de difyzje wer finansjeel sûn te meitsjen. Dat kin net noch in kear lije en dêrom ferskoot dy no nei Zilveren Kruis. Dy hat as grutte soarchfersekerder mear finansjele romte. De ferskowing hat gjin gefolgen foar de klanten fan FBTO Zorg. Dy bliuwt yn Ljouwert fêstige.