Plysje slingeret fytsers op de bon yn sintrum It Hearrenfean

© ANP XTRA
De plysje sil de kommende tiid optrede tsjin fytsers yn it sintrum fan It Hearrenfean. Yn de winkelstrjitte de Dracht mei der net fytst wurde wannear't de winkels iepen binne. Sûnt koart stean der nije buorden dy't de minsken dat dúdlik meitsje moatte. Ek op de sneonsmarkt mei der net fytst wurde.
De plysje krijt op it stuit in soad klachten binnen oer fytsers yn it sintrum fan It Hearrenfean. De tiid fan warskôgjen is dêrom foarby, sa meldt de plysje. Stappe de minsken dochs op de fyts, dan kinne se in boete krije fan 55 euro, plus 9 euro administraasjekosten.