Oardel jier easke foar mishanneling mem dêr't bern by binne

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 26-jierrige man út Surhústerfean is tongersdei oardel jier sel easke foar it mishanneljen fan de freondinne fan syn broer. Hy die dat dêr't de bern fan de frou by wiene. De man hie alkohol dronken en drugs brûkt. Hy tocht dat syn broer yn in psygoaze rekke wie, neidat dy drugs krigen hie fan syn freondinne. Hy trape de doar fan har hûs yn en sloech de frou yn it gesicht. Se rûn dêrby ûnder oare in stikkene eachkas op.
It Iepenbier Ministearje wol boppedat dat de man in drugs- en alkoholferbod oplein kriget en dat er gjin inkeld kontakt mear hat mei mei it slachtoffer en har bern. Neidat hy de mem mishannele hie, bedrige er har bern mei de dea.
De man hat op de sitting tasein dat er no dochs meiwurkje wol oan in psychologysk ûndersyk. De útspraak is op 21 septimber.