Ried fan Steat bûcht him oer leadfersmoarging Readtsjerk

Samar in stik fan de Boskwei yn Readtsjerk (op dit stik hoecht de leadfersmoarging net te sitten) © Google Streetview
De gemeente Tytsjerksteradiel wol dat in stik grûn oan de Boskwei yn Readtsjerk wiidweidich ûndersocht wurdt. De grûn is mooglik fersmoarge mei lead. De eigeners fine sa'n boaiemûndersyk weismiten jild. De gemeente hat de Ried fan Steat no frege de maatregel op te lizzen.
De gemeente tinkt dat it lead fia de ferhurding fan de yngong fan it perseel yn de grûn kommen is. De eigener fynt dat se de dupe binne fan in flater fan de gemeente. Dy soe op basis fan ien stekproef in bytsje lead fûn hawwe. Sy tinke dat dat mei kowestront yn de grûn kommen is, mar dat liket de gemeente tige ûnwierskynlik. De útspraak folget mei in pear wike.