VVD hat soargen oer toeristyske oernachtings yn Fryslân

De steatefraksje fan de VVD makket him soargen oer it tal toeristyske oernachtings yn Fryslân. Ut sifers fan it FSP, it Fries Sociaal Planbureau, docht bliken dat dit oantal tusken 2014 en 2016 mei twa persint nei ûnderen gien is. Boppedat komme der minder Dútsers nei Fryslân. Dizze besikersoantallen giene mei 6 persint omleech. De VVD hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De partij wol witte wat de oarsaak wêze kin fan de ôfname en at it foar it kolleezje ek reden is om maatregels te nimmen.