Rients Gratama ferstoarn: "Fryslân ferliest kultuer-ikoan"

07 sep 2017 - 13:33

Mei it ferstjerren fan Rients Gratama is ien fan de dragers fan de Fryske kultuer fuort fallen. Gratama is woansdei op 85-jierrige leeftiid ferstoarn, thús yn Ljouwert. Neffens de kenners sette hy de Fryske kleinkunst op in heger plan. Yn syn likernôch 60-jierrige karriêre hat er altyd each hâlden foar jong talint en dat in kâns jûn. Nettsjinsteande is der no net echt in opfolger foar Rients Gratama oan te wizen. Hjirûnder in seleksje fan de reaksjes op it ferstjerren fan Rients.

Bysûnder mins

As Frysk kabaretier waard hy yn de jierren '60 ûntdutsen troch Wim Sonneveld. Nei in soad suksesfolle programma's op de Nederlânske en Frysktalige poadia krige hy in rol yn de musical Fien mei yn de haadrol Jasperina de Jong en Gerard Cox. Cox en Gratama binne altyd freonen bleaun. "In het vak heb je een hoop collega's en niet zoveel vrienden", sa seit Cox. "Hij en Robert Long waren echt bijzondere mensen die meer deden dan alleen hun vak uitoefenen."

'Onnavolgbaar'

Rients Gratama wie in dreaune, belutsen en ek 'onnavolgbare' artyst dy't altyd út wie op in goed produkt. Kritysk mar ek ynnimmend en waarm. Dat seit muzikante Clara Rullmann. Sy hat de lêste jierren in soad gearwurke mei Gratama en se rekken goed befreone. Sa sette se 72 ferskes fan de kabaretier op muzyk. "Daar kon je duidelijk merken dat hij als docent actief geweest was op de Kleinkunst academie. Hij wist je altijd te stimuleren een beter product te maken. Net die ene zet die je nodig had", seit Rullmann. Se wurke mei him gear by de krystmusicals yn it Posthuisteater op it Hearrenfean. Dêr kamen de leskwaliteiten fan Gratama ek fan pas. Rullmann: "Hij kreeg de kinderen altijd enthousiast. Ze waren gek met hem. Rients was ook altijd bij alle repetities. Hij zei dan wel eens van: hé, jij moet doorgaan in dit vak."

Net fan it poadium ôf te slaan

Pianist Peter Sijbenga makke in soad programma's mei Gratama. Hy neamt Gratama unyk en in man dy't hast net fan it poadium ôf te slaan wie. Neffens Sijbenga komt der mei it ferstjerren fan Gratama in ein oan in tiidrek. "We hiene it der wolris oer wa't him opfolgje moast. Ik sei dan: dat is dyn probleem dan net mear. Tiden ha tiden." Sijbenga sjocht mei in glimk op syn gesicht werom op de tiid mei Gratama en alle optredens dy't se dien ha. 

Kultuer-ikoan

Ek provinsje Fryslân stiet stil by de dea fan Gratama. "Mei it ferstjerren fan Rients Gratama ferliest Fryslân in markante persoanlikheid: in ikoan fan de kulturele wrâld, dy't syn alsidige talinten ynsette binnen en bûten Fryslân. Hy wie fan grutte betsjutting foar de kultuer yn ús provinsje. Yn 1990 is hy as earste ûnderskieden mei de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. Hy lit in grut tal teäterstikken, lieten en musicals nei. Mei in soad wille tinke wy ûnder oare werom oan Simmer 2000. Us gedachten binne by syn neisten."

En dan binne der fansels noch de reaksjes fan it publyk dat troch de jierren sa genoaten hat fan it wurk fan Gratama.

Grut ferlies

Johan Sieswerda sprekt op Facebook fan in grut ferlies en winsket famylje en kollega's sterkte. Hy moat werom tinke oan in mailwikseling dy't er mei Gratama hie. "Ik heb nog met hem via de mail gecommuniceerd over de oorlog. En hij vertelde mij toen over een opstel dat hij na de oorlog had gekregen van de schoolmeester. De opdracht aan de klas ging over de inval van Duitsland in 1940. Dolblij was hij met dit stuk papier, omdat de beschieting van Pingjum in april 1945 het ouderlijk huis had vernield.Rients heeft dit opstel voorgelezen in 2015 tijdens de presentatie van het boek SESI, in de St. Victoriuskerk in Pingjum. Mijn vader was een dorpsgenoot en getrouwe schoolvriend van hem."

Simmer 2000

Jackie van Es stjoert de kondoleânsjes fanút Amearika. Har heit kaam ek út Penjum: "Our deepest condolences, great man, my dad and family grew up with in Pingjum. Two weeks ago we where still singing his songs from simmer 2000 in Idaho, US."

Weromrop.nl sjocht werom op Rients Gratama

Op www.weromrop.nl, de website mei it fideo-argyf fan Omrop Fryslân, binne ferskate útstjoerings mei en oer Rients Gratama werom te sjen. Lykas it iepenings- en slotkonsert fan Simmer 2000, in ôflevering fan Van Tuinen Thús en in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan Rients.

Trefwurden: 
Rients Gratama reaksjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)