Ald-VN-baas Annan hâldt taspraak op 'ikoanyske Ofslútdyk'

"Ik kin net in bettere lokaasje betinke dy't sa symboalysk en ynspirearjend is om ynnovative oplossings te promoatsjen om wetter, iten en enerzjy hinne as de ikoanyske Ofslútdyk. Ik hoopje dat ik it goed útsprek." Sa begûn Kofi Annan syn taspraak by it sympoasium 'Making Waves'. It kongres oer miljeu en duorsumens is in inisjatyf fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en wurdt hâlden op de 'Iconic Afsluitdijk', sa't de âld-sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes sei.
De hiele dei wurdt der praat oer ynnovative oplossings om mondiale problemen oan te pakken. Lykas wetter, klimaat, sûnens, iten en feilichheid. Sprekkers binne ûnder oaren Kofi Annan, miljeuminister Schultz van Haegen en Commandant der Strijdkrachten generaal Tom Middendorp. Ek wetterynstitút Wetsus hâldt der in presintaasje oer harren útfining om fosfaat út it wetter te heljen.
De grutste namme is fansels de âld-baas fan de FN. Hy is bliid dat der safolle jonge ynnovators sitten sjocht yn it publyk. Hy neamt de Ofslútdyk in 'masterpiece of Dutch engineering'. "Jim yngenieurs hiene al betiid troch dat jo mei de natuer wurkje moatte. Yn plak fan tsjin de natuer troch allinne it seewetter tsjin te hâlden."