Hegeskoallen NHL en Stenden meie fusearje

De hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert meie fusearje. Minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip hat grien ljocht jûn foar de fúzje. Fan 1 septimber 2018 ôf kinne nije studinten úteinsette oan de nije hegeskoalle, dy't de namme NHL Stenden Hogeschool krijt. De bestjoerlike en juridyske fúzje giet al yn op 1 jannewaris 2018. De nije hegeskoalle mei fêstigingen yn binnen- en bûtenlân hat plak foar sa'n 23.000 studinten en der binne mear as 100 opliedingen te folgjen. De NHL en Stenden binne bliid dat se no los kinne. Se ha hjir bot nei ta libbe en neame de fúzje in mylpeal.